Frysk eksamen yn de lift
“Prachtich moai, yn je eigen taal eksamen dwaan. Eins hiel gewoan soene je sizze, mar dochs is it spesjaal,” neffens dosint Frysk Idske Bangma. It Frysk sit yn de lift op de AMS. Foarich jier die der foar de earste kear in AMS learling eksamen yn it fak ‘Fryske taal en kultuer’, dit jier wiene it fiif learlingen dy’t it sintrale eksamen makken. Sy keazen de ôfrûne twa jier it as in ekstra fak en folgen ekstra lessen. Takom jier binne it sels njoggen learlingen dy’t eksamen dwaan sille, sy sitte no yn Havo 4. “En nee, it binne net allinne hiel Frysksinnige learlingen dy’t foar it fak kieze. Learlingen kieze it fak om hiel ferskillende redenen,” seit Bangma.
Twa learlingen prate thús Nederlânsk en komme net faak yn oanrekking mei de Fryske taal, dochs woene se it graach leare. In oar Frysktalich famke hat dysleksje en fynt taallearen lestich, mar wie wol nijsgjirrich nei de kultuer en skiednis kant. Ek binne der learlingen dy’t wol wat útdaaging brûke kinne en it bygelyks graach better skriuwe leare wolle. Dat je it fak Frysk brûke kinne as in kompensaasjefak en it mei telt yn de regeling fan slagjen en sakjen is ek moai meinommen. It Havo eksamen bestie út twa lange teksten mei fragen. Bangma: “It wie wol in gaadlik eksamen, al sieten er wol drege fragen by. En eins is it wol spitich dat it eksamen Frysk foaral út lêsteksten bestiet en net út oare aspekten.
De learlingen hawwe safolle mear leard as allinne begripend lêzen.” It Fryske eksamen wurdt altyd as lêste tagelyk mei oare frjemde talen holden, lykas it Spaansk, Sinees, Arabysk en Turks, wat op guon skoallen ek karfakken binne. Dizze AMS learlingen Frysk moasten dus noch in dei langer bikkelje, wyls at alle oare learlingen al foar it Pinksterwykein frij wiene. Bangma: “Der wie sels in jong dy’t Pinkstermoandei noch de âlvestêdetocht fytst hie en de dei dernei mei in seare kont it eksamen makke, geweldich dochs sokke trochsetters?”
De útslach is op 14 juny.
