Learlingen AMS troch nei finale FeRstival
De AMS learlingen wiene súksesfol freed 12 novimber by de foarrondes fan it FeRstival, dé foardrachtswedstriid fan Fryslân. Fjouwer learlingen: Jan Vollema, Jennifer Herrema, Fenna Westerhof en Michelle Vijver meie troch nei de finale fan FeRstival.
Sy droegen in Frysk gedicht út 'e holle foar op it poadium fan Tryater, wêr't ien fan de foarrondes wie. In Frysk gedicht foardrage is in aktiviteit wêr't je net drekt oan tinke by pubers. Dochs dogge der elk jier sa'n hûndert learlingen út it fuortset ûnderwiis mei oan it FeRstival, de grutste foardrachtswedstriid fan ús provinsje. Dit jier wie de 76e edysje fan it FeRstival wat organisearre wurdt troch it Sintrum Frysk & Meartaligens fan Cedin. Foarich jier gie it evenemint net troch fanwege de koroanamaatregels.
Neffens AMS dosint Idske Bangma is sa'n evenemint hiel wichtich: "Dat it dit jier wol troch gong is in gelok foar de learlingen dy't sa goed oefene hiene. It is sa moai om te sjen hoe't learlingen mei sels fertrouwen, fansels wol wat senuweftich, skitterje op in poadium én it is goed om de belangstelling te befoarderjen foar de Fryske taal en poëzij." Boppedat hawwe der yn al dy jierren hiel wat pubers meidien oan it FeRstival dy't it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman en Tet Rozendal en Theun Plantinga. "It is prachtich dat, wy as skoalle en ik as dosint, de ûntwikkeling fan pubers stypje en dat sy skylk miskien wol de takomstige stjerren fan Fryslân binne."
Op sneon 11 desimber sil de finale fan FeRstival plak fine yn de Harmonie yn Ljouwert. De organisaaje lit witte dat mochten der noch koroanamaatregels wêze dêr in oare oanpaste ferzje fan de finale fan it FeRstival organisearre wurde sil, mar dat dr wol in finale wêze sil. De AMS learlingen Jan, Jennifer, Fenna en Michelle kinne de kommende wiken mar oefenje op harren foardracht.
