AMS wint Fryske foardrachtswedstriid

AMS wint Fryske foardrachtswedstriid

Michelle Vijver hat de finale fan FeRstival wûn yn de kategory 'Starters'. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makke sy mei har foardracht fan it gedicht 'Bril' fan Berber Spliethoff de measte yndruk op de sjuery.

Ek Reinder Dokter die it geweldich yn de provinsjale finale, mar foel spitch genôch krekt net yn de prizen. Yn dizze kategory foar de earste klassers diene dit jier 15 dielnimmers fan 9 ferskillende skoallen yn de finale mei.